Kollum: "Busje komt zo"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwerfoar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"We zijn er weer! Mei dat boadskip foel der ôfrûne wike in ynformaasjeboekje by ús op ‘e matte. We zijn er weer! is it magazine fan busferfierder Arriva, wêryn’t se ús witte litte wat der allegearre feroaret. Fan juster ôf hat Arriva nammentlik it busferfier yn hiel Fryslân yn hannen. In grutte stap foarút, as we deputearre Johannes Kramer en Arriva-direkteur Anne Hettinga leauwe meie.
Kramer lit yn it foarwurd fan it boekje witte dat er wiis is mei ien ferfierder yn hiel Fryslân. Yn it foarwurd skriuwt er: “We willen laten zien dat het aanbesteden door provincies van het openbaar vervoer helpt bij een betere afstemming en een betere kostenbeheersing van het openbaar vervoer waarbij de service aan de burger er in beginsel niet minder om wordt.” Efkes fierderop giet er sels noch in stapke fierder: “Wat reizigers kunnen verwachten is dat de bus er rijdt op het moment dat zij het nu gewend zijn en zelfs nog iets vaker.”
Anne Hettinga, direkteur fan Arrvia, slút him dêr by oan. “Het is voor ons vanzelfsprekend om naar de reizigers te luisteren en in kaart te brengen waar hun wensen en behoeften liggen”, skriuwt er. It heart allegearre wakker moai. Mar no is de hamfraach fansels: is dat ek echt sa? Want seker hjir yn ‘e Wâlden stelle wy priis op minsken dy’t har oan harren wurd hâlde. Oars hast de Wâldpiken oan it dûnsjen. En leau my, dat wolst net.
De ôfrûne jierren fersoarge Qbuzz hjir by ús yn Súdeast-Fryslân it iepenbier ferfier. No ha wy yn ús eigen doarpke Aldegea gjin bushalte mear, dus wy fytse earst nei Nijegea of Garyp foar de bus nei Ljouwert of Drachten. Seker op de drokke oeren moarns wie it somtiden fjochtsjen om in plakje yn de bus. Dêrom brocht Qbuzz it tal bussen dat by de haltes yn Garyp en Nijegea stopje moast omheech. Yn Garyp stoppen der elk oere mar leafst fiif bussen. Pure ferwennerij fansels, en dat tocht Arriva ek.
No’t Arriva it ferfier oernimt, is it tal bussen dat yn Nijegea en Garyp stoppet nammentlik werombrocht oant twa yn it oere. Al dat stopjen by haltes yn lytse doarpkes skynt hannen fol jild te kostjen. Ek al duorret sa’n stop noch gjin minút, neffens Arriva rint soks op jierbasis al gau op oant in ton. En dus sette se it mes yn it tal bussen dat ûnderweis fan Drachten nei Ljouwert en Ljouwert nei Drachten stoppet by lytse doarpshaltes.
Dat slacht werklik wier nergens op, fûn studint Wolter van der Maten út Garyp. Hy reizget alle dagen fan Garyp nei Ljouwert en sjocht sels hoefolle minsken der by dizze halte stean. Dat past noait yn twa bussen, ferwachtet er. En dus sette dizze 17-jierrige studint in petysje op.
Dat gong as in trein, want yn in pear dagen tiid waard syn needgjalp mear as 600 kear ûndertekene. Foarige wike moandei hat er alle hantekeningen oanbean oan wethâlder Houkje Rijpstra. Sy hat de soarch út de petysje op har beurt trochjûn oan deputearre Johannes Kramer. Dyselde Johannes Kramer dy’t yn it foarwurd seit dat de service oan de boarger der yn begjinsel net minder om wurdt. En dat der yn plak fan minder just mear bussen ride sille.
It nijs oer de petysje gong as diggelfjoer, want ôfrûne freed waard Wolter troch Arriva útnûge foar in petear oer de nije tsjinstregeling. Arriva hat tasein dat der yn febrewaris in evaluaasje komme sil. En wichtiger noch: oant dy tiid sil der gjin reizger stean bliuwe by de haltes. Earewurd fan Arriva.
No, ik bin benijd. Oant der mear dúdlik is, moat der earst mar in buordsje by de haltes yn Nijegea en Garyp komme, mei de tekst: Eventjes geduld nog, want het busje komt zo."