Motorrider sûnder rydbewiis rydt 60 km te hurd by Jirnsum

12 des 2016 - 07:48
Foto: ANP

In 43-jierrige motorrider út Grins is sneintejûn oppakt by Jirnsum. De motorrider ried 126 kilometer yn 'e oere op in dyk dêr't maksimaal 60 tastien is. It die bliken dat de fertochte gjin motorrydbewiis hie en de motor sûnder meiwitten fan de eigener liend hie. Foar de snelheidsoertrêding is it auto-rydbewiis ynnaam en foar it riden sûnder motorrydbewiis is ek proses-ferbaal opmakke.

Ek in 56-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean is syn rydbewiis kwyt. Hy ried snein by de rotonde fan De Jouwer 122 kilometer yn 'e oere, wylst dêr in snelheid fan 70 tastien is. By de rotonde is sûnt koart in snelheidsbeperking fan krêft, nei oanlieding fan de slimme ûngelokken dy't dêr de ôfrûne tiid west ha.

Trefwurden: 
motorrider Jirnsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)