Dea otterwyfke fûn by Skerpenseel, syktocht nei jongen

© Twitter, @RietNymfAuke
Meiwurkers fan natuersintrum De Rietnymf yn Munnikebuorren bin op dit stuit op syk nei jonge otters. Op de Pieter Stuyvesantwei ticht by Skerpenseel en Spangea is in deade otter fûn. Neffens Auke Kuiper fan it natuersintrum giet it om in wyfke mei jongen. De kâns is grut dat de jongen noch net foar harren sels soargje kinne.
De Rietnymf fangt otters op en hat op dit stuit twa yn de opfang.