Veiligheidsregio ropt jagers op net it fjild yn te gean

11 des 2016 - 19:32

Jagers wurde yn Fryslân frege om net mear it fjild yn te gean. Dat meldt de Veiligheidsregio Fryslân nei oerlis mei ûnder oare Wetterskip Fryslân. Freed hat it ministearje fan Ekonomyske Saken noch in ein makke oan it algemiene jachtferbod. Yn Fryslân giet it no om in oprop om frijwillich út it fjild wei te bliuwen.

Der binne fan woansdei oant en mei dit wykein tûzen deade fûgels fûn en meinaam. Dat bart om de fersprieding fan it firus foar te kommen. Ek moandei bart dat wer yn gebieten dêr't earder al deade fûgels fûn binne.

Dêrby is der ekstra omtinken foar it Van Panhuijskanaal tusken Makkum en de Boalserter Feart omdat dêr no ek deade smjunten leinen. De measte fûgels wurde fûn yn it noardeasten fan de provinsje. Snein is der ek in helikopter ynsetten. Dy fleach heech genôch om foar te kommen dat wetterwyld de loft yn gie. Neist it wetterskip binne alle natoerbehearders en de gemeenten belutsen by de bestriding fan de fûgelsykte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)