FOTO: Freeze Festival fiert 20-jierrich jubileum

11 des 2016 - 19:06

It Freeze Festival hat dit wykein syn tweintichste edysje belibbe. Gewoanwei wie it muzykfestival in jûn en nacht lang yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert, mar dit jier waard it foar de earste kear útwreide ta trije dagen en ferhuze it nei poppoadium Neushoorn, tsjinoer De Harmonie. Op it festival stiet de Fryske muzykscene sintraal, mar der binne ek optredens fan bands bûten de provinsje. De Amsterdamske groep Jungle by Night is sneintejûn de ôfsluter. Fotograaf Joris Kalma makke in fotoreportaazje fan de twadde dei fan it Freeze Festival.












(advertinsje)
(advertinsje)