Autodief rydt yn op eigener fan kabriolet yn Oentsjerk

11 des 2016 - 18:38
Foto: Omrop Fryslân

In man dy't sneon yn Oentsjerk in grize kabriolet stellen hat, is mei dy auto ynriden op de eigener doe't dy besocht de autodief te kearen. De eigener wie midden op de strjitte stean gong, mar de autodief remme net ôf. It slachtoffer moast oan de kant springe om in oanriding foar te kommen. De dief is útnaaid mei de auto. It soe gean om in man fan tusken de 40 en 50 jier âld, mei blond hier en in burdsje.

Trefwurden: 
autostellerij Oentsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)