Lêste 5,5 miljoen euro fan Woudsend Verzekeringen opmakke

11 des 2016 - 17:51

It lêste jild fan it eardere Woudsend Verzekeringen is opmakke. It giet om in bedrach fan 5,5 miljoen euro. It jild siet by de goede doelen stichting Woudsend Anno 1816 en is yn goed tolve jier ferdield. It wie ek de bedoeling om de kas leech te meitsjen foardat de stichting der ein dit jier mei ophâldt.

De stichting is oprjochte foardat Woudsend Verzekeringen troch Fortis opgong yn in grutter gehiel. Under oare de Fryske museums ha in soad gebrûk makke fan it fûns.

(advertinsje)
(advertinsje)