VV Hearrenfean wint mei 3-1, Snits Wyt Swart spilet 2-2 lyk

11 des 2016 - 17:33
Fuotbalfjild - Foto: ANP

De fuotballers fan VV Hearrenfean ha snein mei 3-1 wûn fan Hoogland. Op sportpark Skoatterwâld wie de earste helte net yn it foardiel fan de thúsploech. Yn de 29e minút slagge it de Feansters net in penalty te fersulverjen en krekt foar rêst kaam Hoogland op in 1-0 foarsprong. De twadde helte wie dúdlik wol foar Hearrenfean. Fia doelpunten fan Jasper Brouwer, Ivar Span en Niels den Haan gong de winst úteinlik nei VV Hearrenfean.

Snits Wyt Swart hat snein mei 2-2 lyk spile yn de útwedstriid tsjin JOS Watergraafsmeer.

Yn de earste helte hearste de thúsploech en de stân by rêst wie 2-0 foar JOS. Snits Wyt Swart kaam lykwols sterker werom út de klaaikeamer en wist mei twa doelpunten fan Age Hains Boersma en Freerk de Jong dochs noch in lyk spul derút te slepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)