Jagersferiening: "See-earn is mei opsetsin delsketten"

It sjitten fan in see-earn yn de Lindefallei by Wolvegea is echt mei opsetsin bard en wie gjin ûngelokje. Dat seit wurdfierder Titus Sijmonsma fan de jagersferiening yn Fryslân. Hy kin it him net foarstelle dat soks by fersin bart. Under oare op social media is oppere dat it mooglik in ûngelokje wie.
Ek wurde jagers der op oansjoen dat de tige seldsume en beskerme rôffûgel út de loft sketten is. Sijmonsma begrypt dat, mar giet dêr net yn mei sa lang der gjin fertochte feroardiele is.
Sijmonsma wiist der op dat de jacht sletten wie fanwege de fûgelgryp en dat der ek minsken mei yllegale wapens omrinne. As it dochs in jager wêze soe, binne der ynterne regels om immen te royearjen. De jagers sizze de plysje te stypjen yn it ûndersyk nei de dieder.