Marrit Leenstra pakt sulver op 1000 meter

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat snein de sulveren medalje wûn op de 1000 meter by de wrâldbeker yn Thialf. Se finishte yn in tiid fan 1.14.73, krekt achter de winner Heather Bergsma-Richardson. De frou fan Jorrit Bergsma waard earste yn 1.14.61. It wie de tredde wrâldbekeroerwinning fan dit seizoen foar de Amerikaanse op dizze ôfstân. Brittany Bowe waard tredde yn 1.15.03 en Ireen Wüst einige op it fiifde plak yn in tiid fan 1.15.86.