Jan Dijkgraaf fan GeenPeil: "Ik neam se NSB'ers"

11 des 2016 - 14:25

De listlûker fan de nije partij GeenPeil, Jan Dijkgraaf, typearret de massa-oanjefte tsjin Geert Wilders as in aksje fan NSB'ers: "Een laffe actie van mensen die soms niet eens weten wat ze tekenden bij die voorgedrukte formulieren''.

Dijkgraaf sei dat yn it radioprgramma Buro de Vries, dêr't er as opinymakker oan tafel siet. Hy krige fuort replyk fan skriuwer en âld-GrienLinks-politikus Willem Verf dy't him ôffrege werom Dijkgraaf it nasjonaal-sosjalisme hjir no by helje moast.

De Ljouwerter D66-fraksjefoarsitter Hilde Tjeerdema wiisde noch op de foardrukte formulieren dy't GeenPeil sels brûkte om it Oekraïnereferindum ôf te twingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)