Automobiliste ferdrinkt yn Snitser feart

© Camjo Media
Yn Snits is in frou om it libben kaam neidat se mei de auto yn de sleat bedarre. Yn de Wâldfeart waard de auto sneintemoarn fûn, flakby in jachthaven. Nei alle gedachten is de auto fan de kade it wetter yn rekke en dêrnei fierder dreaun.
De auto wie hast folslein ûnder wetter ferdwûn. De plysje hat it lichem fan de frou der út helle, en is dwaande mei ûndersyk.