Wer shorttrackmedaljes foar Sjinkie Knegt

11 des 2016 - 11:17
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

Sjinkie Knegt hat der wer twa wrâldbekermedaljes by. Op de 500 meter yn Shanghai pakte de Bantegeaster brûns, mei de ôflossingsploech waard it sulver. Yn dy ploech rieden ek de Friezen Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat. Fjirde man wie Adwin Snellink. Sina wûn it goud, Súd-Koreä it brûns.

De frouljusploech mei de Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries en mei Lara van Ruiven en Yara van Kerkhof pakte op de ôflossing it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)