Marit Bouwmeester wint mei oermacht wrâldbeker

11 des 2016 - 11:01
Marit Bouwmeester yn aksje - Foto: ANP

Mei in twadde plak yn de medaljerace is Marit Bouwmeester mei gloarje winner wurden fan de wrâldbekerfinale silen yn Australië yn de Laser Radial. De winst op it wetter by Melbourne yn de finale wie foar de Deense Anne-Marie Rindom. Fan de tsien races wûn Olympysk kampioen Bouwmeester der fiif. Yn it einklassemint waard Rindom twadde en de Belgise Emma Plasschaert tredde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)