Wetterskip: "Minsken moatte goed útsjen nei deade fûgels"

11 des 2016 - 10:18

Wetterskip Fryslân wol mei natoerorganisaasjes as Natuurmonumenten yn petear oer de groei fan it oantal fûgelgrypgefallen yn Noardeast-Fryslân. It bûtendyks lân fan it Fryske Gea is al ôfsletten foar publyk.

It wetterskip warskôget dat der ek yn oare grutte natoergebieten lykas Skiermûntseach en Lauwersmar goed útsjoen wurde moat foar deade fûgels. Allinnich de behearders sels beslute oft in gebiet ôfsletten wurdt foar publyk.

Sneon wie der wer in nij besmettingsgefal: 27 deade smjunten binne út de feart De Peazens fiske, by Bollingwier yn Dongeradiel. Heechstwierskynlik fûgelgryp. Alle deade fûgels wurde ûndersocht.

De sykaksje fan Wetterskip Fryslân en it Fryske Gea hat yn de ôfrûne wike tusken de 700 en de 800 deade fûgels opsmiten: foaral wetterfûgels as einen en smjunten, mar ek guozzen, steltrinners en in inkele rôffûgel. Snein geane de sykaksjes fierder.

Minsken dy't deade wetterfûgels lizzen sjogge, wurdt oanret om se net oan te reitsjen. Se kinne it Miljeu-alarmnûmer belje: 058-2122422

Trefwurden: 
Fûgelgryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)