Jouster darter mist kwartfinales Finder-toernoai

11 des 2016 - 07:25

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der sneontejûn net yn slagge de kwartfinales te berikken fan de Finder Darts Masters. Yn Egmond oan See ferlear Noppert yn in beslissende leg mei 5-4 fan Martin Phillips út Wales.

Noppert kaam goed út de startblokken, mar koe it nivo net folhâlde. Yn in njoggende leg miste de Jouster in 140-finish foar de winst, wêrnei't Phillips dien wurk makke.

Troch it ferlies stiet Danny Noppert snein net yn de kwartfinales fan it Finder-toernoai. Ferline jier helle de 25-jierrige darter dêr noch de heale finale. Hy mei him no opmeitsje foar syn debút op it Lakeside World Championship, dat yn jannewaris yn it Ingelske Frimley Green hâlden wurdt.

(advertinsje)