Yvonne Nauta en Janine Smit winne by Holland Cup

10 des 2016 - 22:21
Foto: ANP

By de Holland Cup yn Deventer hat Yvonne Nauta út Twellingea sneon de 1500 meter wûn mei in tiid fan 2.02.51. Janine Smit fan It Hearrenfean wûn de 500 meter yn 40.21. Foar guon reedriders is de Holland Cup de lêste kâns op kwalifikaasje foar de NK ôfstannen. Dy wurde ein dizze moanne hâlden yn Thialf op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)