UNIS Flyers wint fan Zoetermeer

10 des 2016 - 22:08

De iishockyers fan de UNIS Flyers spilen sneontejûn tsjin en by de Silverdome Panters út Zoetermeer. Demelinne sette de Flyers op foarsprong yn de earste perioade en de Feansters wienen de boppelizzende partij. Wurm skoarde de 0-2 nei sa'n 22 minuten spyljen. Postma makke de 0-3 en dat wie ek de einstân fan de twadde perioade. Yn de tredde perioade skoarde Limnell de 0-4. De thúsploech skoarde oan de ein noch ien kear en dêrmei waard de einstân 1-4.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)