Elma de Vries ferliest maraton krekt yn de sprint

10 des 2016 - 21:59

By it maratonreedriden wûn Janneke Ensing út Gieten sneontejûn by de sânde wedstriid yn de KPN Maraton Cup op it nipperke fan Elma de Vries yn de sprint yn Enschede. Tred waard Ineke Dedden. Der wie in kopgroep fan fyftjin froulju. Ald-Haulster Elma de Vries hâldt wol it liederspak.

By de manlju wie Simon Schouten de rapste fan in tsien man sterke kopgroep. Bob de Vries waard tredde en is wer klassemintslieder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)