SC Hearrenfean wint mei 2-1 fan Excelsior

10 des 2016 - 21:40

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 2-1 wûn yn it eigen stadion tsjin Excelsior. Yn de earste helte koenen de Feansters net folle kânsen kreëarje. Yn de 42ste minút skoarde
Hasselbaink út in penalty nei’t Bijker de bal op de boppe-earm krigen hie. De skiedsrjochter joech dêr gjin kaart foar, wol in penalty. Flak dêrnei wie der wer hands, mar dêr joech de skiedsrjochter gjin strafskop foar. Mei 0-1 op it skoareboerd wie it rêst. Al gau yn de twadde helte makke Sam Larsson de lykmakker. In healoere letter makke Larsson ek de twadde goal.

Doke Schmidt makke nei 20 moannen syn rentree. Hy mocht de blessearre St. Juste ferfange. Ek Stijn Schaars kaam werom yn de basis. Yn de 65ste minút waard er wiksele foar Namli.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)