Snitser froulju winne maklik yn trije sets fan koprinner

10 des 2016 - 20:40

De Snitser follybalfroulju ha sneontejûn yn eigen hûs yn trije sets wûn fan Sliedrecht Sport. De setstannen wienen 25-17, 25-17 en 25-16. Yn it foar like it in spannende wedstriid, de nûmer twa (Snits) tsjin de nûmer ien (Sliedrecht), mar yn de earste twa sets wienen de Snitser froulju oppermachtich, al siet yn de twadde set wol mear spanning. De tredde set koe noch spanning bringe, mar ek dy set wie gau dien.

Ald-international Quinta Steenbergen (31) makke har debút. Se wie nei ôfrin hiel entûsjast.

Trefwurden: 
follybal Snits froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)