Elise, Annet en Aryanne binne de winners fan FeRstival 2016

© Cedin
Aryanne Abma hat sneontemiddei yn it Posthuis op It Hearrenfean it FeRstival yn de kategory toppers wûn. De Warkumse, dy't op it RSG Magister Alvinus Snits sit, makke mei har foardracht fan it gedicht 'Ik ha dyn namme yn 'e wolken skreaun' fan Jan Kooistra it meast yndruk op de sjuery.
Yn de kategory Trochsetters wie it earste plak foar Annet Bouma (Lauwers College Bûtenpost) út Surhuzum, mei in fers fan Tsjits Peanstra. By de starters droech Elise Westerhof (Liudger Burgum) út Eastermar it moaiste foar, mei in fers fan Berber Spliethof.
Foardracht
FeRstival is de Fryske foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. It Sintrum Meartaligens fan Cedin organisearret it alle jierren yn novimber (foarrondes) en desimber (finale). Dit jier stienen der 31 dielnimmers fan 14 ferskillende skoallen yn 'e finale.
Doel fan FeRstival is om de jongerein yn kontakt komme te litten mei Fryske poëzy. By FeRstival giet it derom dat de dielnimmers in gedicht sa moai mooglik foardrage. De dielnimmers wurde yndield yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en MBU/HBU). In saakkundige sjuery rikt yn alle trije kategoryen de prizen út.