Mooglik noch sulver foar Margot Boer

10 des 2016 - 19:27

Mooglik kin Margot Boer har brûnzen medalje op de Olympyske Spelen yn Sotsji op de 500 meter omruilje foar in sulveren. De nûmer twa, Olga Fatkulina, is ien fan de nammen dy't út it rapport fan de WADA ôf te lieden is. De Russyske reedrydster waard doe twad, foar Margot Boer.

Freed waard it WADA-rapport útbrocht. Dat ûndersyk bringt mear as tûzen Russyske sporters yn ferbân mei dopinggebrûk.

"Dat zou wel heel apart zijn. Gelukkig stond ik in Sotsji al op het podium en heb ik de euforie van het winnen van een medaille wel gehad." sei Margot Boer sneon yn Thialf tsjin de NOS.

(advertinsje)
(advertinsje)