Irene Schouten wurdt twad op massastart by wrâldbeker

10 des 2016 - 17:47
Foto: awfoto.nl

Irene Schouten hat sneon by it wrâldbeker-reedriden op It Hearrenfean sulver helle op de massastart. De Nederlânsk kampioene op dit ûnderdiel kaam yn de sechtjinde en lêste ronde yn de einsprint op it rjochte stik krekt wat te koart. Bo-Reum Kim út Súd-Koreä wûn en Francesca Lollobrigida út Italië einige mei in lytse achterstân op Schouten as tredde.

By de manlju pakte Evert Hoolwerf yn de einsprint brûns. De Amerikaan Joey Mantia kaam mei in lytse foarsprong as earste oer de finish, folge troch Seung-Hoon Lee út Súd-Koreä.

(Advertinsje)
(Advertinsje)