Teamsprint op Thialf: manlju (4e) en froulju (3)

© awfoto.nl
De Nederlânske manljusploech is sneon by de fjirde wrâldbeker reedriden op It Hearrenfean krekt bûten it poadium einige op de teamsprint. Ronald Mulder, Kai Verbij en Pim Schipper setten yn trije rûntsjes de fjirde tiid del: 1.20.79. De Amerikaanske ploech wie earst, folge troch Kanada en Poalen.
De froulju, mei Bo van der Werff, Anice Das en Sanneke de Neeling, waarden tred yn in tiid fan 1.28.80 op dit ûnderdiel achter winner Japan en Ruslân.