UPDATE: Sa'n 150 deade fûgels oantroffen

© Wetterskip Fryslân
Yn Fryslân binne sneon sa'n 150 deade fûgels fûn. Dat binne der minder as foargeande dagen, dat wiene der mear as 600. Nei ferwachting giet it om slachtoffers fan fûgelgryp. In oantal frijwilligers en meiwurkers fan It Fryske Gea hawwe oan it sykjen west yn de omjouwing fan Ferwert, Boksum en Hilaard, Warkum en Drylts, Skylge en bûtendyks lân, by natoergebiet Noarderleech. De measte deade fûgels binne bûtendyks fûn.