ONS wint fan Jong Volendam

10 des 2016 - 17:05

ONS en Jong Volendam begûnen sneon fol fjoer oan de wedstriid. Beide hiene kânsen en krigen corners. Yn de 23ste minút kaam Jong Volendam op in 0-1 foarsprong. Dit wie ek de rêststân. Nei rêst gie it spul earst lyk op. Yume Ramos krige in grutte kâns, skeat de bal deryn mar it wie bûtenspul. Yn de 60ste minút kaam de 1-1 op it skoareboerd. Iloba Achuna kopte de bal achter de keeper fan Volendam. Hjirnei krige ONS mear kânsen. Yn de 75ste minút skeat Yume Ramos de 2-1 yn. Yn de 83ste minút makke hy sels de 3-1.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
(advertinsje)
(advertinsje)