Marrit Steenbergen net troch op 200 meter wikselslach

10 des 2016 - 16:57
Marrit Steenbergen yn aksje - Foto: ANP

It is Marrit Steenbergen by de WK koartebaan yn Kanada net slagge har te pleatsen foar de finale op de 200 meter wikselslach. De 16-jierrige swimster út Easterwâlde bleau op de fyfde dei fan it kampioenskip fier fan de fereaske topacht. Steenbergen (2.12.73) ferbeterre wol it nasjonale jeugdrekôr foar swimsters oant 16 jier fan Sharon van Rouwendaal (2.13.84) út 2009, mar kaam net fierder as de achttjinde posysje.

Katinka Hosszú út Hongarije wie mei 2.05.33 it rapst yn de searjes.

Trefwurden: 
WK Marrit Steenbergen swimmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)