Harkemase Boys wint by Rijnvogels

Harkesmase Boys stie sneon al nei 49 sekonden yn Katwijk foar troch in eigen doelpunt nei in foarset fan Oebele Schokker. Fjouwer minuten letter wreide Arton Musliu de foarsprong út ta 0-2. Rijnvogels rekke frustrearre en hie nei 17 minuten al twa giele kaarten te pakken. Nei 37 minuten wiene dat al fjouwer, mar hiene de Boys der ek twa te pakken. De rêststân wie 0-2. Fuort nei rêst helle Henny Bouius fan de 16 meter ôf út en skoarde de 0-3. Yn de 65ste minút makke Robert Stelpstra der 0-4 fan. It waard úteinlik 1-4 nei in benutte strafskop.