Danny Noppert wint earste wedstriid op Finder Darts Masters

10 des 2016 - 16:07

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontemiddei syn earste wedstriid op de Finder Darts Masters wûn. De 25-jierrige darter wûn yn Egmond aan Zee mei 5-4 yn legs fan Brian Dawson út Ingelân. Danny Noppert begûn de wedstriid goed en kaam mei 3-1 foar, mar doe seach er syn tsjinstanner hieltyd better wurden. Yn de wichtige lêste leg bleau Noppert rêstich en pakte er de winst.

Sneontejûn komt Noppert wer yn aksje op it poadium. Dan spilet er tsjin Martin Phillips út Wales. By winst is Noppert troch nei de kwartfinales fan it telefyzjetoernoai.

De finalewedstriden wurde snein spile. Ferline jier behelle Noppert de heale finales fan it Finder-toernoai, doe ferlear er fan mearfâldich wrâldkampioen Martin Adams.

It Finder Darts Masters toernoai wurdt it hiele wykein útstjoerd troch RTV Noard-Hollân.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(advertinsje)