Ireen Wüst hellet goud op 1500 meter yn Thialf

10 des 2016 - 15:33

Ireen Wüst hat sneon by it wrâldbeker-reedriden op It Hearrenfean de 1500 meter wûn. Se wûn yn it fernijde Thialf yn in tiid fan 1.55.34. It sulver gie nei Heather Bergsma-Richardson (1.55.99) en it brûns wie Miho Takagi (1.56.08) út Japan. Marrit Leenstra waard fjirde mei in tiid fan 1.56.30. It wie de 19de wrâldbekerwinst op de 1500 meter foar Ireen Wüst. Leenstra stie foar de earste kear dit seizoen net op it 1500 meter poadium.

De stân yn de wrâldbeker is no: Leenstra op it earste plak, twad Bergsma-Richardson en tred Miho Takagi.

Marrit Leenstra wie teloarsteld nei har rit. "It is in bytsje op. Op it iis fielde ik net de power dy't ik fiele wol." Se sil no op treningskamp en wol dêr de akku wer oplade. "Ik wol meidwaan oan it EK sprint. It nije Thialf is supermoai wurden, en it is iis is prima, lykas altyd."

(advertinsje)
(advertinsje)