Alvestêdeferiening wol nij keunstwurk pleatse by Bonkefeart

Der komt in nij keunstwurk by de finish fan de Alveststêdetocht yn Ljouwert. De alvestêdeferiening stelt dêr 30.000 euro foar beskikber. Dat is ien euro it lid. Der stiet no in 'suterich pealtsje' op it finishplak, seit alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling.
Wieling wol leaver wat ha mei de útstrieling fan it alvestêdebrechje by Gytsjerk. Dêr komme in protte toeristen op ôf, seit er, en dat wol er ek by de Bonkefeart.
It is noch net dúdlik hoe't it nije keunstwurk der krekt út komt te sjen. De Alvestêdeferiening hat tusken de fiif en tsien ideeën binnenkrigen. Mear ideeën binne wolkom.