Cambuur-spiler Ricardo Kip brekt kûtbonke

10 des 2016 - 12:37
Foto: AW Foto

Cambuur-spiler Ricardo Kip hat syn kûtbonke brutsen. Dat barde freedtejûn yn de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht. Ynfaller Kip stie krekt acht minuten yn it fjild doe't er op ûngelokkige wize op de bal stean gie. Dêrtroch foel er en bruts er syn kûtbonke.

Hy is nei alle gedachten twa oant trije moannen útskeakele. Cambuur hiert Kip fan de Ingelske klup Fleetwood Town.

(Advertinsje)
(Advertinsje)