Syktocht nei deade fûgels: teller stiet op 55

10 des 2016 - 12:18

Op ferskate plakken yn de provinsje binne sneon minsken op syk nei deade en sike fûgels. Sa wolle se foarkomme dat de fûgelgryp fierder om him hinne grypt. Der wurdt socht yn de omjouwing fan Ferwert, by Boksum, tusken Warkum en Drylts, op Skylge, en ek yn it natuergebiet Noarderleech.

It earste byld is dat der sneontemoarn minder fûgels fûn wurde as op eardere dagen. De teller stiet no op 55 fûgels, en de measte fan dy fûgels lizze der al wat langer.

Fersprieding

Tweintich fûgels leinen op Skylge. Yn it Noarderleech binne sneontemoarn sa'n fyftjin fûgels fûn. "In dei earder wienen dat der noch 70. Mar we binne noch net klear mei sykjen, dus ik wit net wat der noch bykomt", seit Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea.

It Wetterskip Fryslân sammelet yn gearwurking mei it krisisteam fan de Feilichheidsregio Fryslân alle meldingen en beslút op hokker plakken nei deade fûgels socht wurdt. It oprêden dêrfan is tige wichtich om fierdere fersprieding fan de fûgelgryp foar te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)