Marit Bouwmeester begjint as lieder oan finaledei wrâldbeker

10 des 2016 - 11:24
Marit Bouwmeester yn aksje - Foto: Richard Langdon

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat, mei noch ien dei te gean, sicht op de einoerwinning yn de wrâldbekerfinale yn Melbourne. De Friezinne, dy't útkomt yn de Laser Radial klasse, sylde sneon trije races. Se helle dêryn in fiifde, tredde en earste plak.

Om't it fiifde plak har minste resultaat is, mei se dy ôflûke. Dêrtroch hat se yn it algemien klassemint in foarsprong fan 12 punten op nûmer twa Anne-Marie Rindom út Denemarken. Snein is de medaljerace. In plak by de earste seis is genôch foar de winst fan Bouwmeester.

(Advertinsje)
(Advertinsje)