Knegt en Schulting winne brûns op wrâldbeker shorttrack

10 des 2016 - 10:02

Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneontemoarn brûns wûn op de 1500 meter by de wrâldbeker shorttrack yn Shanghai. Se kaam krekt tekoart foar sulver en einige achter konkurrinten Shim Suk Hee en Kim Ji Yoo út Súd-Koreä.

Bantegeaster Sjinkie Knegt wûn op deselde ôfstân ek brûns. Hy moast yn de finale Jung Su Lee út Súd-Koreä en de Rus Semen Elistratov foar him dulde. Knegt ried foarop, mar waard yn de ien-nei-lêste ronde ynhelle troch it duo. De Fries bliuwt wol oan de lieding yn it algemien klassemint fan de wrâldbeker op de 1500 meter.

Relay-ploegen

Sawol de manlju as de froulju pleatsten harren ek foar de finale fan de relay. De froulju wûnen harren heale finale op oertsjûgjende wize. By de manlju gie it wat dreger. It like der op dat sy net by de earste twa einigje soenen, mar in knappe ynhelaksje fan Sjinkie Knegt yn de alderlêste ronde soarge dochs foar in finaleplak.

Dy finales binne snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)