"Ried fan tafersjoch Fryske Akademy funksjonearret net"

10 des 2016 - 09:21
De Fryske Akademy yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy funksjonearret net, de sinteraasje is ûndúdlik en der driigje ûntslaggen. Dêrom ha twa leden fan de ried fan tafersjoch har funksje dellein. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante.

It bestjoer fan de Akademy hâldt him neffens de opstapte leden net oan de statuten. Ynsidinteel jild wurdt brûkt foar strukturele útjeften, lykas salarissen. As dat jild op rekket, kin dus net elkenien mear betelle wurde. Der rint no in evaluaasje nei it funksjonearjen fan de ried fan tafersjoch.

Dy moat begjin takom jier klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)