Marrit Steenbergen krekt net op it poadium op WK koartebaan

10 des 2016 - 08:40
Marrit Steenbergen yn aksje - Foto: ANP

Swimster Marrit Steenbergen út Easterwâlde is freedtenacht op de WK koartebaan krekt njonken it poadium einige op de 100 meter wikselslach. De 16-jierrige Steenbergen tikke yn Windsor (Kanada) as fjirde oan yn in tiid fan 58.81 sekonden. Dat wie in nij persoanlik rekôr.

Steenbergen hie har ek as fjirde foar de finale pleatst. De winst gong nei Katinka Hosszu út Hongarije.

Earder dit toernoai pakte Marrit Steenbergen al in brûnzen medalje op de estafette (4x100 meter frij). Der stiet dit wykein noch ien nûmer foar har op it programma, de 200 meter wikselslach.

Trefwurden: 
swimmen Marrit Steenbergen WK
(Advertinsje)
(Advertinsje)