Kollum: "Briedmasine foar de Kening fan de Greide"

10 des 2016 - 08:29

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Ha jim ek sa genoaten fan de pear winterske dagen ôfrûne wike? Ik bin der wis fan dat op dizze kollum wer de gebrûklike reaksjes komme sille fan minsken dy’t in hekel oan winter ha. Der binne net folle ûnderwerpen dy’t sa tankber binne om diskusjes los te meitsjen as it winterske waar fan dizze wike. By myn kunde sitte in pear dy’t my standert omseame mei anty-winterske opmerkings, dêrom sis ik op de langste dei yn juny altyd al dat we de goede kant wer op gean. Gewoan om de negative reaksjes dy’t sa’n opmerking opsmyt.

Ja, der binne echt minsken dy’t mear fan de winter hâlde as fan de simmer. Ik bin my der fan bewust dat ik mei myn oare winterleafhawwers fier yn ûndertal bin, mar dat makket my neat út. Dizze wike hienen we wer in pear sinne-opkomsten dy’t sa moai wienen dat je der allinnich mar mei fernuvering nei sjen koenen. De ryp op de beammen en de reiden en dat de sinne der dan trochhinne skynt.

Op sa’n stuit is it sa prachtich dat der net folle minsken binne dy’t dêrfan hâlde, want op sa’n stuit bin ik leafst allinnich earne yn de natuer, of mei de frou te rinnen, mei om ús hinne de tûzenen guozzen dy’t op it monogerslân fan Ingelsk raai prima de winter trochkomme. No sitte wy mei swier bewolke loft en is it goar, damp en fiis om de doar. ‘Mar de temperatuer is in stik heger’, jubele de waarman. No, jou my de moaie drûge froast mar.

Yn tsjinstelling ta dy guozzen, ha de ljippen folle minder mei Ingelsk raai. En der wurde plannen makke om de greidefûgels te helpen. As der fjouwer bunder grûn oankocht wurdt om fûgeltsjelân fan te meitsjen, springe de media der boppe-op. Fryslân is kwa lânoerflak mear as 330.000 bunder grut. Dy fjouwer bunder is dus moai, mar in drip op in gloeiende plaat.

Eins wurd ik der in bytsje tryst fan. De needgrepen dy’t no útfûn wurde binne allinnich mar goedmakkerkes. De echte problematyk wurdt omhinne praten. Fjouwer bunder grûn foar de fûgels. It is moai hear. Mar set der dan mar in gazen stek omhinne dat in meter yngroeven is en hingje der in mega grut net oerhinne. Want de bisten binne oars sa stadichoan kânsleas om de piken grut te bringen.

Op 30 novimber kaam it nijs dat de foksen wer bejage wurde meie mei de ljochtbak. Ha, einliks, tocht ik. Stie der yn it berjocht dat soks allinnich mei yn saneamde greidefûgelgebieten. Sucht... In foks hat in territoarium fan in pear hûndert bunder, dat hinget fan it beskikbere fretten ôf. De foks dy’t by my thús lêstendeis de hinnen út it hok helle hat, sit neffens in jager yn in hol op in kilometer as fiif fierderop. Dy rint dus yn ien nacht mei seis hinnen rêstich in maraton hinne en wer. Dus op it hichtepunt fan de piken yn sa’n natuergebiet dogge se yn ien nacht mear skea as dat je witte wolle. It is dus dweiljen mei de kraan iepen.

Troch de bistelobby út de rânestêd wei moatte wy alles libje litte, fan de stienmurd, swarte krieën en alle rôffûgels oant de foksen ta. Deputearre Johannes Kramer besiket it wol, mar it bliuwe lapmiddels. Der sille heldere keuzes makke wurde moatte. As wy de prachtige lûden fan de echte kening fan de greide, de ljip dus, noch yn lingte fan dagen hearren bliuwe wolle, moat der drastysk opromming holden wurde yn de predatoaren.

Ik kin dus ek wol razend wurde fan de koartsichtichheid fan Harm Niesen, de roeptoeter fan de Faunabeskerming dy’t syn libben yn tsjinst steld hat fan bestriding fan De achterlijke Friese Rapers. De man seit gewoan dat de aaisikers de reden binne dat der hast gjin ljip mear is. Gruttere kolder is der net, want sels no’t der net socht wurdt, giet it striemin.

En ja, dy boeren... No, hâld dêr ek mar ris oer op. De fûgeltsjelannen wurde systematysk leechrôve. Dat dogge de boeren net en de aaisikers ek net. As de polityk net in heldere kar foar de greidefûgels makket, moatte wy der mar oan wenne dat maitiids it krassen fan in beam fol mei hongerige swarte krieën de rop fan de ljip ferfongen hat. Dat ha we dan sels dien.

En Rendert Algra syn BFVW: dy wolle ljipaaien útbriede yn de briedmasine. Nobel plan op it earste gesicht. Probleem is dat ik yn tritich jier hinnen útbrieden nea wer in brodske hin hân ha. Dat fokke je der dus út.

De polityk is oan set, mar de Twadde Keamer hat tongersdei besletten gjin ekstra jild foar de greidefûgels frij te meitsjen. It sjocht der somber út, net allinnich it waar fan no, mar ek de takomst fan de greidefûgels."

(Advertinsje)
(Advertinsje)