Frysk sjongfestival Liet wint Bernlefpriis 2016

09 des 2016 - 22:54
Liet yn 2016 - Foto: Henk Bootsma

It Fryske sjongfestival Liet is de winner fan de Bernlefpriis 2016. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis freedtejûn út yn it Ljouwerter popsintrum Neushoorn. De winner krige by de útrikking fan de Fryske Popawards in priis fan 1500 euro.

Oare nominearren wiene ûnder oaren Wiebe Kaspers en Nynke Laverman. De Bernlefpriis wurdt jierliks útrikt. Mei de priis wol de provinsje it Frysk yn de popkultuer stimulearje. Liet wurdt sûnt 1991 hâlden. Dielnimmers moatte yn it Frysk of in streektaal sjonge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)