Wolter van der Maten (17) tefreden oer petear mei Arriva

09 des 2016 - 22:29
Wolter van der Maten mei syn petysje foar in bettere busferbining - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De 17-jierrige Wolter van der Maten sjocht tefreden werom op it petear dat hy freed hân hat mei Arriva oer de nije tsjinstregeling dy't op snein yn giet. By it petear wiene ek de belutsen doarpsbelangen oanwêzich. Yn de nije tsjinstregeling wurdt it oantal busritten troch Garyp werombrocht fan fiif nei twa yn de oere.

Neist Garyp ha ek Earnewâld en Aldegea lêst fan dy regeling. De doarpen hiene dêrom 600 hantekeningen ophelle. Ut it petear is neffens Van der Maten dúdlik wurden dat de nije tsjinstregeling ein jannewaris evaluearre wurde sil.

Hy wol mei de doarpsbelangen foar dy datum mei in plan komme wêryn alle partijen harren fine kinne. Hy sil it plan oan de provinsje presintearje om't dy opdrachtjouwer is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)