SC Cambuur wint mei 4-2 fan Jong FC Utrecht

09 des 2016 - 22:14

SC Cambuur hat freedtejûn Jong FC Utrecht mei 4-2 ferslein. Yn Ljouwert like Cambuur yn it begjin in maklike jûn te hawwen. Se hiene in soad balbesit en Martijn Barto skoarde yn de 13e minút de iepeningsgoal. Nei in healoere rûn Cambuur út nei 2-0. Topskoarer Sander van der Streek skeat syn tsiende goal fan it seizoen binnen.

Nei rêst waard it in hiele oare wedstriid. Abena skoarde yn de 54e minút út in corner de oanslutingstreffer foar de Utrechtenaren. 

Acht minuten letter stie de wedstriid hielendal op ‘e kop, doe't Kerk de lykmakker tsjin de touwen skeat. Mar de Ljouwerters toanden harren mentaal sterk troch rap achterinoar de 3-2 en 4-2 te meitsjen. De twadde goal fan Barto en in strafskop fan Erik Bakker soargen foar dizze einstân.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)