Froulju SC Hearrenfean it skip yn tsjin FC Twente

De Hearrenfean-froulju (argyffoto) © Martin de Jong
De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn ferlern fan FC Twente. Yn Hengelo waard it 4-1 foar de thúsploech. De wedstriid begûn sûnder al te grutte kânsen, oant de 19e minút. Ellen Janssen kopte in rebound binnen: 1-0 foar Twente. Hjirnei krige FC Twente noch in oantal kânsen, mar skoard waard der foar rêst net mear.
Yn de twadde helte makke Hearrenfean de lykmakker. Nathalie van den Heuvel skeat yn de 47e minút de 1-1 binnen. Tweintich minuten letter wie it opnij Ellen Janssen dy't Twente op in 2-1 foarsprong sette.
Even letter wie it hielendal dien mei it ferset fan Hearrenfean. Danique Kerkdijk kopte de 3-1 binnen. It waard noch slimmer foar de Feanster froulju, neidat Jill Roord de 4-1 einstân op it boerd sette.