Blokhuijsen, De Vries en Roest pakke sulver yn Thialf

09 des 2016 - 20:46
Foto: ANP

De Nederlânske manlju ha freed sulver helle by de ploege-achterfolging by it wrâldbekertoernoai reedriden yn Thialf op It Hearrenfean. Jan Blokhuijsen, Douwe de Vries en Patrick Roest einigen yn in tiid fan 3.43.04. De manlju út Noarwegen wiene mei 3.42.43 krekt wat rapper. Italië waard tredde yn in tiid fan 3.43.53.

Sven Kramer ried net mei, hy is op trainingskamp yn Italië. De Nederlânske froulju waarden lêste nei in falpartij fan Linda de Vries. Se ried mei Marrit Leenstra en Ireen Wüst.

Nederlân stiet troch eardere resultaten noch wol boppe-oan yn it klassemint.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)