Nij transferium Oerterpfallaat iepene yn Drachten

Yn Drachten is it nije transferium Oerterpfallaat iepene. It moat Drachten better berikber meitsje mei it iepenbier ferfier. Fan snein ôf stopje de earste bussen dêr. It transferium is ûnderdiel fan in ynvestearringsaginda fan de provinsje. Dy is opset nei't dúdlik wie dat Drachten foarearst gjin spoarferbining kriget.
Njonken it busstasjon is ek de dyk oanpakt. Der bin twa turborotondes makke. Dy moatte soargje foar in bettere trochstreaming fan it autoferkear yn de spits.
No komt it foar dat auto's op de Wâldwei al stil stean en dat soarget foar gefaarlike situaasjes. Yn Drachten sels stiet no noch ien projekt op steapel: de oanpak fan de krusing de Splitting. Dy wurdt feiliger makke foar it fytsferkear.