Ard de Vries wint Abe Bonnema Priis foar jonge arsjitekten

09 des 2016 - 20:22
Yn it midden de priiswinner fan de Abe Bonnema Priis yn 2016, Ard de Vries

Ard de Vries hat freed de Abe Bonnema Priis foar jonge arsjitekten 2016 wûn. Dit makke foarsitter Ed Nijpels fan de ir. Abe Bonnema Priis bekend yn it Nationaal Militair Museum yn Soest. De Vries krijt de priis fan 20.000 euro foar syn ûntwerp fan it Landgoed Valkenburg yn Dinkellân.

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is fan 13 desimber oant en mei 7 jannewaris in eksposysje te sjen fan alle ynstjoeringen foar de priis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)