Oant no ta seishûndert deade fûgels opromme yn Fryslân

09 des 2016 - 18:34

Freed binne der yn Fryslân nochris sa'n twahûndert fûgels fûn, dy't nei alle gedachten deagien binne oan de fûgelgryp. Mei de fjouwerhûndert fan tongersdei, komt it totaal no dus op seishûndert. Dat meldt de Veiligheidsregio Fryslân, dy't de situaasje yn de gaten hâldt.

It giet oant no ta om de gemeenten Ferwerderadiel, Súdwest-Fryslân en Skylge, dêr't deade fûgels fûn binne. It binne foaral smjunten. De minsken dy't de deade fûgels opromje, fine gjin grutte kloften fûgels byinoar. Hjir en dêr leit der ris ien.

De deadsoarsaak kin ferskille. It kin wêze dat de fûgel besmet is mei de fûgelgryp of dat er in fûgel iten hat dy't dat hie. Mar it kin ek om swakke bisten gean, dy't de froast fan begjin dizze wike net oerlibbe ha.

Wetterskip Fryslân sil sneon fierder mei it sykjen en opromjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)