Oranje rolstoelhânballers mei Ljouwerter keepster winne EK

Joyce van Haaster út Ljouwert mei nûmer 1 tusken har teamgenoaten yn © Facebook, Joyce van Haaster
De Nederlânske rolstoelhânballers binne yn it Sweedske Sölvesborg Europeesk kampioen wurden. Keepster Joyce van Haaster út Ljouwert wie ien fan de útblinkers yn de finale. It Nederlânsk team wûn de finale mei 19-10 fan Portugal. Van Haaster waard ek keazen yn it stjerreteam fan it toernoai. Ferline jier waarden de Nederlânske rolstoelhânballers ek al Europeesk kampioen.