Fryske Gea plantet nije iken yn bosk fan Riis

09 des 2016 - 17:35
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

It Fryske Gea begjint tiisdei mei it plantsjen fan nije iken yn de Rysterbosk. De ikebeammen dy't no yn de bosk steane, binne al sa âld dat der hieltiten mear dea geane. Fanwege de feilichheid fan de kuierders wurde dy no fuorthelle. Sadwaande binne der gatten ûntstien yn de karakteristike kuierleane yn de bosk.

Om de leane ek foar de takomst te behâlden, wurde no mear beammen kape en ferfongen troch nije iken. De kap is needsaaklik omdat oars de nije beammen net goed groeie kinne.

Trefwurden: 
iken bosk it Fryske Gea
(Advertinsje)
(Advertinsje)