Jier sel foar Snitser (73) fanwege fersprieding berneporno

09 des 2016 - 16:58
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 73-jierige man út Snits moat in jier de sel yn omdat er berneporno download en ferspraat hat. Neffens de rjochtbank gong it om hiele slimme foarmen fan berneporno, mei in sado-masogistysk karakter. De man soe neffens saakkundigen in persoanliksheidsstoarnis hawwe.

De rjochter hat ek bepaald dat it ynternetgedrach fan de man de kommende fiif jier yn de gaten hâlden wurde moat. De advokaat fan de Snitser hat fuortendaliks heger berop oantekene.

Trefwurden: 
selstraf berneporno
(Advertinsje)
(Advertinsje)